Wa wint de "Tomme" fan 2014

Kuierstôk (argyffoto) © Omrop Fryslân
Soarchbelang Fryslân is tongersdei wer úteinset mei 'de Tomme'. Dizze priis foar it bêste inisjatyf om de soarch te ferbetterjen wurdt yn oktober útrikt op it Fryske soarchkongres.
De wedstriid is op in pear punten oanpast. Sa kinne aanst noch mar fjouwer inisjativen de finale helje, yn stee fan acht. Trije dêrfan komme streekrjocht yn de finale, de fjirde wurdt fia facebook keazen. Projekten opjaan kin oant en mei 1 july.