Fytsen Friesche Leeuw stellen

De fytsers fan De Friesche Leeuw
De Ljouwerter hurdfytsklup De Friesche Leeuw hat in aksje starten om jild yn te sammeljen foar de dupearren fan de stellerij fan it ôfrûne wykein. Op trainingskamp yn Limboarch waard in bus iepenbrutsen en njoggen racefytsen stellen. Dêrtroch binne in soad junioaren dupearre om't se no net meidwaan kinne oan wedstriden.
De fersekering betellet neat út. De klup hat dêrom in bankrekken iepene en hopet op in soad stipe om nije fytsen foar de jeugd keapje te kinnen.