Konkoers hippyk Snits skrast

05 jun 2014 - 14:57

De wedstriden fan it konkoers hippyk yn Snits gean tongersdei net troch. Fanwege al it reinwetter dat der fallen is wol de organisaasje gjin risiko's nimme foar de kommende dagen. Neffens foarsitter Herbert de Vries is de kâns grut dat it terrein hielendal fernield wurdt as it bestjoer de wedstriden wol trochgean lit.

De wedstriden wurde trochskood nei in oare dei. It konkoers duorret noch oant en mei snein. De organisaasje ferwachtet dat de wedstriden de kommende dagen gewoan trochgean kinne.

Trefwurden: 
Snits konkoers hippyk
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)