Nije CAO foar it ûnderwiis

05 jun 2014 - 14:13

De 55.000 meiwurkers yn it middelber ûnderwiis hawwe in nije CAO. De MBO Raad en fakbûnen waarden it tongersdeitejûn iens oer in prinsipe-akkoart. Yn it akkoart binne ûnder oare ôfspraken makke oer in duorsume ynsetberheidsregeling foar de wurknimmers, in oanpak fan de hege wurkdruk en in leansferheging.

As de achterban fan de MBO-ried akkoart giet mei it ûnderhannelingsresultaat, sil de nije CAO op 1 augustus yn gean.

Trefwurden: 
CAO middelber ûnderwiis
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)