Almere net ferrast oer útslach

05 jun 2014 - 12:42

De gemeente Almere is teloarsteld dat Icedôme net trochgiet, mar it wie gjin hiele grutte ferrassing seit wethâlder Henk Mulder. De gemeente hat der de lêste moannen alles oan dien om it konsortium te helpen, omdat de komst fan Icedôme hiel belangryk wêze koe foar de ûntwikkeling fan de stêd en it effekt op de wurkgelegenheid. Almere wie entûsjast oer de plannen, mar hat altyd sein dat de plannen net mei oerheidsjild betelle wurde kinne.

It konsortium hat oanjûn dat se har no beriede sil oer in ferfolchtrajekt foar in multyfunksjoneel iiskompleks yn Almere, mar dan sûnder topsportstatus.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)