'SAR-ferfier earst oplosse'

05 jun 2014 - 11:17

CDA-keamerlid Sander de Rouwe fynt dat definsje net earder ophâlde kin mei it pasjinteferfier fan de eilannen as der in konkrete oplossing leit. Der wurdt no sprutsen oer in yntinsje foar in oplossing en dat fynt hy net genôch. De Rouwe tinkt by in oplossing oan in rol foar sikehús de Sionsberg yn Dokkum.

Lutz Jacobi fan de PvdA hopet dat de definsjehelikopters noch wol beskikber bliuwe foar rampebestriding op de Waadeilannen. Sy fielt der foar om ferfangende helikopters op de Ljouwerter fleanbasis te stasjonearjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)