Ieren op A7 fan de dyk helle

05 jun 2014 - 10:36

De plysje hat woansdeitemiddei by in kontrôle op de A7 by De Jouwer twa manlju fan 25 en 31 jier út Ierlân oanholden. De 31-jierrige Ier waard socht troch de plysje út Brabân yn it ramt fan in rinnend ûndersyk. Syn 25-jierrige lângenoat hie noch ferskate boetes iepenstean. Dy hat er op it plysjeburo betelle, wêrnei't er wer frijkaam. De 31-jierrige man wurdt tongersdei oerdroegen oan de plysje yn Brabân.

Trefwurden: 
A7 De Jouwer Ieren
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)