Grinzer bedriget Kollumers

05 jun 2014 - 10:17

De plysje hat woansdei in 29-jierrige man út Grins oanhâlden yn Gryptsjerk. De man wurdt der fan fertocht dat hy syn eks-freondinnen slim bedrige hat. Hy hie meardere kearen tsjin har sein dat er har en ek har âlden yn Kollum wat oandwaan soe. Omdat de ynskatting wie dat de man dat ek echt dwaan soe, is hy oanhâlden en ynsletten foar ferhoar.

Trefwurden: 
Kollum bedriging Gryptsjerk
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)