Marsman krige heal miljoen

Chris Marsman © Omrop Fryslân
Ald-bestjoerder Chris Marsman fan de Kwadrantgroep yn Snits stiet boppe-oan yn de list mei meast fertsjinjende bestjoerders yn de âldereinsoarch. Dat meldt Abvakabo FNV. It fakbûn makket alle jierren in list fan bestjoerders mei de heechste topynkommens.
Marsman fertsjinne yn 2013 goed in heal miljoen euro, wêrfan it grutste part - 350.000 euro - syn ûntslachfergoeding wie. Ut de list docht bliken dat de topynkommens yn de âldereinsoach it ôfrûne jier flink omheech gong binne. De top 50 krige mei-inoar goed 19 prosint mear as yn 2012.