Beslút KNSB fernuveret Kramer

05 jun 2014 - 07:47

Sven Kramer reagearret fernuve op it ynlûken fan de gunning fan de topsportstatus oan Icedôme Almere. Hy fynt it wûnderlik dat de KNSB earst in kar makket, mar dy letter wer skytskoarjend ynlûkt, sa sei er tongersdei op Radio 1.

Troch it fuortfallen fan Icedôme binne der no noch twa kânshawwers op de topsportstatus: Thialf op It Hearrenfean en TranSportium yn Zoetermeer. Sels hat Kramer gjin foarkar. 'Topsporters gean dêrhinne dêr't de omstannichheden it bêste binne.' De kommende tiid wurdt er wat him betreft gewoan traind yn Thialf.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)