Olijve Jonge Undernimmer 2014

Rudy Olijve fan Olijve Metaal út Easterwâlde hat woansdeitejûn de Jonge Undernemerspriis fan it Noarden wûn. De sjuery komplimintearre Olijve mei de wize wêrop't er it bedriuw yn trije-en-in-heal jier útrgroeie litten hat ta in bedriuw mei 30 meiwurkers en in miljoene-omset, dy't noch altyd elk jier fierder groeit.
It wie de 13e kear dat de Jonge Undernimmerspriis útrikt waard. De priis is in inisjatyf fan ûnder oare de Keamer fan Keaphannel, de NOM, SNN en de trije Noardlike provinsjes.