Baan yn suvel fia AB-Vakwerk

04 jun 2014 - 21:53

AB-Fryslân biedt mei in oantal gemeenten minsken in oplieding oan foar in baan yn de nije suvelfabriken dy't op It Hearrenfean komme. Neffens AB-Fryslân sil dêr aanst ferlet wêze fan fakminsken. De oplieding wurdt fersoarge yn gearwurking mei it regionaal opliedingssintrum. Minsken wurde oplaat ta Technisch Operator Food en leare fakken lykas prosesynstallaasjes, automatisearring en pneumatyk.

De kosten fan de oplieding wurde betelle troch de gemeenten en as men slagget biedt AB Vakwurk se in jierkontrakt oan.

De earste groep kursisten is yn july klear.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)