Mear wurk yn Ljouwert

Der binne dit jier yn Ljouwert mear banen fûn foar minsken mei in beheining as ferline jier. Ljouwert sit dêrom net mear by de top tsien fan stêden mei in saneamde lege partisipaasjegraad. De stêd stiet lykwols wol yn it rychje fan stêden dêr't amper of gjin wurk is. Dit en noch folle mear is woansdei bekend makke by de presintaasje fan de Atlas Nederlandse Gemeenten 2014.
Ljouwert hat ek lêst fan banekrimp yn de tsjinstferliening, mar de ôfspraak om wurkleazen yn te setten by projekten lykas de Heak om Ljouwert, hat wol fertuten dien.
En dat sil neffens wethâlder Andries Ekhart van Ljouwert ek by Ljouwert Kulturele Haadstêd 2018 it gefal wêze.