'Icedôme wie jildfergriemerij'

Johannes de Vries fan de lederied fan de KNSB neamt de gunning fan de topsportstatus oan Icedôme yn Almere jild- en tiidfergriemerij. Neffens him is benammen troch de striid om dy status in soad jild ferlern gien. Dat jild hie oars yn de sport sels stutsen wurde kinnen en neffens De Vries hie dat ek moatten. Woansdei waard bekend dat Icedôme yn Almere de finansiering net rûn krigen hat en dêrom hat de KNSB de gunning fan de topsportstatus wer ynlutsen.
Oft dit ferhaal noch in sturtsje krije moat foar it bestjoer fan de KNSB wol De Vries earst oerlizze mei de rest fan de lederied.