Bliidskip oer 'ein' Icedôme

Deputearre Hans Konst is bliid mei it beslút fan de KNSB en NOC*NSF om net fierder te gean mei Icedôme Almere as topsportlokaasje. 'Fanút Thialf kinne no wer goeie dingen dien wurde tegearre mei de KNSB. Yn it belang fan it reedriden is der mar ien keus en dat is Thialf', sa seit er. Direkteur Eelco Derks fan Thialf is benammen tige optein mei de dúdlikheid dy't der no is. 'Het ging ons om de duidelijkheid', sa lit er yn in earste reaksje witte.
De gemeente Almere is teloarsteld dat it konsortium Icedôme Almere net op tiid it businessplan klear hat. Dêrtroch hawwe de KNSB en NOC*NSF it fertrouwen yn Icedôme opsein. De gemeente seit dat it de ôfrûne moannen it maksimale dien hat om it konsortium te helpen. Almere wie fan it begjin ôf entûsjast oer it plan en fûn it in grutte mearwearde foar de stêd mei in posityf effekt op de wurkgelegenheid. Wol hat de gemeente altyd sein dat Icedôme privaat finansierd wurde moast. It konsortium sil no sjen hoe't it fierder sil mei in multyfunksjoneel iiskompleks yn Almere.