Definsje wol ôf fan SAR-helys

04 jun 2014 - 15:14

Definsje hâldt op mei it ferfier fan pasjinten fan de Waadeilannen ôf. Minister Hennis skriuwt dat woansdei oan de Twadde Keamer. De ministearjes fan definsje en folkssûnens sykje mei de regio nei in alternatyf. As dat fûn is wurdt der in punt set achter it SAR-ferfier. Mar de minister ferwachtet dat dat binnen in jier wêze sil.

De trije helikopters dy't no noch brûkt wurde, sille ôfstjitten wurde. Definsje fersoarget al 37 jier it ferfier fan pasjinten fan Skylge, It Amelân, Flylân en Skiermûntseach nei de fêste wâl.

Neffens minister Hennis is dat gjin kearntaak fan definsje. Ek foarmet it in te grutte belêsting fan de beskikbere helikopterkapasiteit. Ferline jier hat definsje 253 pasjinten ferfierd. Dit jier wiene dat der oant no ta 83.

Neffens boargemaster Crone hoege de eilânbewenners net benaud te wêzen dat se net holpen wurde as dat nedich is. It pasjinteferfier komt yn hannen fan in partikulier bedriuw of organisaasje en dy moat him hâlde oan de regels fan it ministearje.

De brief fan de minister is woansdei nei de keamer stjoerd.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)