Himpkwekerij yn flat Drachten

© Omrop Fryslân
Yn in flatwenning oan de Melkkelder yn Drachten hat de plysje tiisdei in himpkwekerij oprôle. Nei oanlieding fan in tip hawwe plysjes de wenning besocht. Yn de wenning - op de tredde etaazje fan de flat - waarden goed 350 himpplanten oantroffen. Neffens de plysje wie der in grut risiko op brân.
De hierder fan it appartemint wie op it tiidstip fan de plysje-aksje net oanwêzich. De plysje wit om wa't it giet en sil de man ynkoarten hearre.