'Loek Hermans sliepend ryk'

04 jun 2014 - 14:42

Loek Hermans, âld-kommissaris fan de keningin yn Fryslân, is sliepend ryk wurden as tafersjochhâlder fan soarchynstelling Meavita. Dat seit it fakbûn Abvakabo FNV woansdei by de ûndernimmingskeamer yn Amsterdam. Neffens it fakbûn krige Hermans jierliks 30.000 euro. Hy wurke derfoar noch net iens in moanne.

Hermans moat foar de ûndernimmingskeamer ferskine om't Meavita yn 2009 fallyt gie. It fakbûn ferwyt Hermans dat hy syn wurk as tafersjochhâlder net goed dien hat en net yngriep doe't it mis gie.

De advokaat fan Hermans neamde de útspraken fan it fakbûn tendinsjeus.

Trefwurden: 
Loek Hermans Meavita
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)