Hieltyd mear stellerij boaten

Der wurde hieltyd mear boaten en bûtenboardmotoaren stellen. Oant juny fan dit jier binne der yn en om Snits hinne al 45 bûtenboardmotoaren en acht boaten stellen. Foar de plysje reden boatsjeminsken te warskôgjen.
Yn de Marina Haven yn Makkum wurdt neffens de havenmaster net stellen. Dat komt omdat der maatregels naam binne om stellerij tsjin te gean. Der is oerdei goed tafersjoch. Nachts rint der bewaking yn de haven.