'Stopsetten subsydzjes strop'

Fryske maatskiplike organisaasjes komme yn de problemen as de provinsje harren subsydzjes werombringt of sels stopset. Dat sizze ynsprekkers fan acht ferskate organisaasjes woansdei by de behanneling fan de besunigings yn de steatekommisje. De provinsje wol de subsydzjekraan foar ûnder mear Zorgbelang Fryslân, COC, Humanitas, Tûmba en Sensoor tichtdraaie. Partoer krijt in koarting fan twa kear 600.000 euro.
Deputearre Tineke Schokker fynt dat gemeenten no al ferantwurdlik binne foar it sosjale domein en de taken fan de organisaasjes.
Dy binne dêrom no ferantwurdlik. De FNP wol sjen oft der in fûns oprjochte wurde kin om organisaasjes dy't gjin jild mear krije te stypjen. Ek soene gemeenten jild fan de provinsje krije moatte om de taken oer nimme te kinnen. Provinsjale Steaten nimme op 18 juny in beslút oer it werombringen fan subsydzjes by alve maatskiplike organisaasjes.