Boete hurdriders Sigerswâld

04 jun 2014 - 10:02

De plysje hat tiisdei by snelheidskontrôles yn Sigerswâld seis boetes útdield. De plysje kontrolearde twa kear lâns de Bremerwei omdat bewenners klage hiene dat dêr fierstente hurd riden wurdt. Op de dyk is 60 kilometer it maksimum. Ien bestjoerder ried 100 kilometer yn de oere. De kommende tiid sil de plysje faker kontrolearje.

Trefwurden: 
kontrôle snelheid
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)