15 tips plofkreak De Jouwer

De pinautomaat waard opblaasd © Anton Kappers
Der binne 15 tips binnenkaam by de plysje oer de plofkreak moandeitenacht op De Jouwer. De tips kamen nei oanlieding fan de útstjoering Opsporing Verzocht tiisdeitejûn op tillevyzje. It programma joech omtinken oan de plofkreak, wêrby't nei alle gedachten trije manlju de pinautomaat fan de ING opblaasden. De plysje sette tiisdei in grutte sykaksje op tou, mar de fertochten binne noch altyd spoarleas.
Yn deselde útstjoering wie ek omtinken foar de oerfal op tekstylwinkel Zeeman begjin jannewaris yn Ljouwert. Dêr is ien tip oer binnenkaam.
De grutte sykaksje nei de dieders is yntusken stopsetten.