'Minstens 3 dieders plofkreak'

De pinautomaat op De Jouwer nei de plofkreak © Omrop Fryslân, Gerrit de Boer
De plysje is op syk nei op syn minst trije dieders dy't belutsen binne by de plofkreak fan moandeitenacht op De Jouwer. Dat sei de plysje tiisdei yn it TV programma Opsporing Verzocht. De plysje wol yn de syktocht benammen witte wa't de auto's dy't brûkt binne by de kreak de ôfrûne dagen sjoen hat.
It giet om in ljochtblauwe pick-up mei kenteken 45-VND-1. Dy auto is ferline wike stellen yn Assendelft. De auto dy't by Reahel yn de sleat fûn is, is sneon stellen yn Amsterdam-Súd. Dizze auto hie twa falske kentekens.
Tiisdei is de hiele dei socht nei de dieders. Derby is gebrûk makke fan in helikopter, boaten, speurhûnen en de ME. Fan de dieders ûntbrekt elk spoar. Minsken dy't ynformaasje ha kinne belje mei telefoannûmer 0800-6070.
Nei oanlieding fan de útstjoering fan Opsporing Verzocht kamen der 15 tips binnen, twittere de plysje tiisdeitejûn.