Oanriding twa auto's Ljouwert

03 jun 2014 - 19:54

Op de Grinzerstrjitwei yn Ljouwert binne tiisdei oan de ein fan de middei twa auto's op mekoar knalt. Mooglik hat de bestjoerder dy't achter op in oare auto botste te hurd riden. Ek hat er mooglik mei tefolle drank op achter it stjoer sitten. De foarste auto skeat troch de klap troch en kaam in hiel stik fierder pas ta stilstân.

Ien frou is mei ferwûnings nei it sikehûs brocht. De plysje docht ûndersyk nei hoe't it ûngelok barre koe.

Trefwurden: 
Ljouwert ûngelok
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)