Dokkumer WK flagge populêr

03 jun 2014 - 17:53
Foto: Omrop Fryslân

It giet goed mei de ferkeap fan de WK flaggen fan de Dokkumer Vlaggen Centrale. Der binne no in pear hûndert flaggen ferkocht. Omdat de fraach noch hieltyd tanimt wurde yn Dokkum dizze wike ekstra flaggen makke.

Yn it ûntwerp fan de WK flagge binne de kleuren fan de Nederlânske en de Braziliaanske flagge te sjen. Prominint is de liuw yn it midden.

(advertinsje)
(advertinsje)