Twa swimbaden behâlde

De gemeente Súdwest-Fryslân wol twa fan de fjouwer swimbaden yn de gemeente yn stân hâlde. It giet om it binnenbad fan It Rak yn Snits en om De Rolpeal yn Warkum. It bûtenbad yn Snits giet ticht.
De subsydzje foar swimbad Vitaloo yn Boalsert hâldt yn 2018 op. Der sil wol sjoen wurde nei mooglikheden it bad op in oare wize iepen te hâlden. Petearen mei ferskate partijen dêroer hawwe oant no ta neat opsmiten. Iepenloftswimbad Mûnewetter yn Wytmarsum kriget 10 persint minder subsydzje.
Neffens ûndersyk fan de gemeente binne fjouwer swimbaden te folle. Dat hat in negatyf effekt op de eksploitaasje.