Kreak yn Opsporing Verzocht

It programma Opsporing Verzocht hat tiisdeitejûn omtinken foar de plofkreak op De Jouwer fan moandeitenacht. De plysje is de hiele dei dwaande mei in grutte klopjacht yn de omkriten fan in kemping by Reahel en op de Tsjûkemar. Se binne op syk nei de dieders fan de plofkreak oan de Geert Knolwei op De Jouwer. Dy naaiden út in auto.
De flechtauto is tiisdeitemoarn oantroffen yn in sleat by Reahel. De plysje set by de klopjacht ûnder oare speurhûnen, in helikopter en ferskate boaten yn. De ME siket ek mei.