Pereira bliuwt by Cambuur

Marlon Pereira © Omrop Fryslân, Dirk Jan Haarsma
Marlon Pereira spilet it takom seizoen ek foar Sportklub Cambuur. De 27-jierrige ferdigener tekenet in kontrakt foar twa jier. Yn it ôfrûne seizoen kaam Pereira tolve kear yn aksje foar de Ljouwerter earedivyzjeploech. Meastentiids siet er lykwols op de reservebank.
Pereira kaam in jier lyn transferfrij oer fan de Bulgaarske ploech Botev Plovdiv. Dêrfoar spile er mear as fyftich earedivyzjewedstriden foar Willem II út Tilburch.