Waarme Fytsalvestêdetocht

03 jun 2014 - 13:47

Yn ferbân mei de waarmte dy't foar Pinkstermoandei foarsein wurdt, nimt de organisaasje fan de Fytsalvestêdetocht ekstra foarsoarchsmaatregels. Sa komme der fjouwer ekstra drinkposten. Foar de miny-alvestêdetocht fan sneon by alve doarpen yn de omkriten fan Boalsert del wurde twa ekstra wetterpunten ynrjochte.

Dêrneist komme op de site fan de Fytsalvestêdetocht tips te stean foar de dielnimmers. Sa moatte se genôch ite en drinke.

De organisaasje fan de Fytsalvestêdetocht ferwachtet dat de dielnimmers goed traind oan de start ferskine. Fanwege it moaie maitiidswaar hawwe se al bêst in soad kilometers fuorttrape, sa is de ferwachting.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)