Les oer doarpstsjerke

03 jun 2014 - 13:06

De stifting Alde Fryske Tsjerken hat in edukaasjeprojekt makke dat skoalbern út de groepen 7 en 8 yn de kunde komme lit mei tsjerke en kultuer yn de eigen omkriten. Learlingen krije op skoalle útlis oer de tsjerke yn it eigen doarp en se moatte opdrachten dwaan. Dêrnei gean se nei de tsjerke ta.

KerKennis is it earste edukaasjeprojekt dat de tsjerkestifting ûntwikkele hat. Oant no ta waarden histoaryske tsjerken benammen belutsen by algemiene skiednislessen. De start fan it projekt is woansdei by de Van Harentsjerke yn Sint Anne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)