Auto botst op beam yn Wikel

03 jun 2014 - 11:50
Foto: ANP XTRA

In 60-jierrige ynwenster fan Harich is moandeitemiddei ferwûne rekke by in ûngelok yn Wikel. De frou ried yn har auto oer de Menno van Coehoornwei en rekke troch noch ûnbekende oarsaak de macht oer it stjoer kwyt. It slachtoffer botste dêrop tsjin in beam. Se rekke ferwûne oan de holle en is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht.

Trefwurden: 
ûngelok Wikel
(advertinsje)
(advertinsje)