Belesting fia boatkaartsje

02 jun 2014 - 21:42

De gemeente Skylge wol yn 2015 op in oare wize toeristebelêsting ynbarre. Toeristen betelje no belesting by de boekings fan hotels, bêd en brochjes en oare oernachtingsmooglikheden. Mar dat moat feroarje, want de gemeente tinkt jild mis te rinnen. Better is it om de belesting tagelyk mei it boatkaartsje betelje te litten. It is in plan fan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders, mar de gemeenteried moat der noch oer beslute en der moat ek noch praat wurde mei rederij Doeksen. Der giet ynkoarten in útstel nei de ried.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)