Tûmba: saak om diskriminaasje

Diskriminaasjemeldpunt Tûmba en hoarekagelegenheid Club Red út Ljouwert stean tiisdeitemiddei tsjinoer mekoar foar it Kolleezje fan de Rjochten fan de Minsk yn Utert. It giet om in jonge, fan Antilliaanske ôfkomst, dy wegere waard troch de portier fan Club Red. Syn blanke, Nederlânske freondinne mocht wol der wol yn, as se dat wollen hie. Club Red seit dat de jonge tefolle drank op hie, mar dat leaut Tûmba net.
De útspraak moat binnen acht wiken dien wurde. Kriget de jonge gelyk, dan kin er nei de rjochter stappe.