Suvel nei de foedselbank

02 jun 2014 - 17:05

Suvelkonsern FrieslandCampina sil mear produkten oan de Nederlânske foedselbanken leverje. FrieslandCampina en de Vereniging van Nederlandse Voedselbanken hawwe oankundige dat se yntinsiver gearwurkje sille. Der wurde tenei sawat in miljoen suvelprodukten yn it jier levere oan de foedselbanken.

FrieslandCampina nimt no ek de logistike kosten oer. Dat makket it bettere fersprieding fan de suvel oer de 149 iten-útdielpunten foar minima yn Nederlân mooglik.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)