Utstalling Frysk sulver iepene

Yn it Fries Museum yn Ljouwert is moandei de útstalling 'Zilveren Herinneringen' iepene. Frysk sulver is faak fan hege kwaliteit en tige fyn en moai bewurke. In soad guod is benammen bewarre bleaun, omdat der persoanlike werinnerings oan fêstsitte, tinkt konservator Marlies Stoter.
It giet dan bygelyks om berteleppels en bekers. It Fries Museum hat it sulver sammele en útstald en de persoanlike ferhalen dêrby socht. De eksposysje is te sjen oant en mei 17 augustus.
By de iepening fan de útstalling koene je oer de hollen rinne. Dat kaam omdat krekt dêrfoar yn De Harmonie it trijedielich neislachwurk 'Fries goud en zilver' fan professor Johan ter Molen presintearre waard. Ter Molen krige by dy gelegenheid de earste sulveren penning fan de Ottema Kingma Stichting.