Lieuwe Westra makket yndruk

© awfoto.nl
Hurdfytser Lieuwe Westra út De Tynje hat op de 67e edysje fan de Belgyske hurdfytsklassiker Omloop Het Nieuwsblad yndruk makke yn de kopgroep. De rider fan de Vacansoleil-DCM ploech sette al betiid yn de wedstriid de oanfal yn.
Tegearre mei Sven Vandousselaere wist Westra lang de kopposysje te behâlden. Op de Molenberg, de lêste beklimming fan de dei, moast Westra dochs noch belies jaan. De oerwinning gong úteinlik ferrassend nei de Belch Sep Vanmarcke. Twadde waard Tom Boonen, it tredde plak wie foar Juan Antonio Flecha.