3-1 ferlies Drachtster Boys

Drachtster Boys © Omrop Fryslân
Drachtster Boys ferlear sneontemiddei op eigen fjild mei 3-1 fan de nûmer twa CSV Apeldoorn. Yn in spannende earste helte kaam CSV yn de 35e minút op 1-0. Twa minuten letter kamen de Drachtster op likense hichte troch in doelpunt fan Martijn Liefers.
Krekt foar de tee kamen de gasten út Apeldoorn opnij op foarsprong mei as rêststân 2-1. Lang mocht de Drachtster hope op in lykspul nei de tee net duorje. Yn de 48e minút makke CSV dien spul mei it tredde doelpunt.