'MBO-wizigings falle ta'

De wizigings dy't minister Bussemaker yn it MBO trochfierer wol, hearre radikaal, mar falle yn de praktyk ta. Dat seit wurdfierder Jan Douma fan it Friesland College. In diel fan de wizigings is al earder betocht en wurdt al trochfierd.
De minister skriuwt moandei oan de Twadde Keamer dat sy wol dat der folle mear ûnderskied komt tusken de ferskillende nivo's. De learlingen fan it leechste nivo meitsje no it imago út fan it hiele middelber-beropsûnderwiis. Bussemaker seit dat dat imago net goed is.
Douma fan it Friesland College nuansearret dat. Hy seit dat de MBO-skoalle in goede bân hat mei de bedriuwen dêr't de studinten staazje rinne en letter oan it wurk gean. De kwaliteit fan de oplieding soe dêrtroch al ferbettere wêze.