Oerfal yn Opsporing Verzocht

02 jun 2014 - 10:46

Yn it televyzjeprogramma Opsporing Verzocht wurdt tiisdeitejûn omtinken jûn oan de oerfal op it filiaal fan Zeeman oan de Nijstêd yn Ljouwert. Dy oerfal wie op freedtemiddei 10 jannewaris om fjouwer oere hinne. In man bedrige in meiwurkster mei in mes en easke jild. De dieder naaide út mei de bút rjochting it Hearewaltsje.

Yn de kleansaak wiene op it stuit fan de oerfal ferskate klanten. Opsporing Verzocht is tiisdeitejûn te sjen op Nederlân 1 om healwei tsienen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)