Hûndert liter disel stellen

02 jun 2014 - 09:50

Ut in frachtwein oan de Weverwei yn Warkum is it ôfrûne wykein hûndert liter disel ôftape. De frachtauto stie parkeard by sporthal De Rolpeal.

De stellerij waard sneitejûn ûntdutsen. De eigener fan de frachtwein hat oanjefte dien. De plysje siket tsjûgen fan de diselstellerij.

Trefwurden: 
stellerij Warkum disel
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)