De Jong tredde yn Bielefeld

Jannick de Jong © Bert Swarts
Gersbaanracer Jannick de Jong fan 'e Gordyk is snein tredde wurden by de earste kwalifikaasjewedstriid langbaan yn it Dútske Bielefeld. Theo Pijper einige mei like folle punten op it fjirde plak. De winst gong nei de Dútser Martin Smolinski, dy't oppermachtich wie en alles wûn. Lângenoat Enrico Janoschka waard twadde. Jeffrey Woortman fan Warten gong ûnderút en helle sa gjin kwalifikaasje.
De twadde kwalifikaasjewedstriid is op 5 july yn Tayak yn Frankryk. Fan beide wedstriden ride de bêste 7+1 yn Mariënbad foar trije WK pakken yn 2015.