Noorman-en-dy winne yn Wommels

Keatsen © Aise van Beets, Omrop Fryslân
Ilse Noorman, Michelle Bruinsma en Bianca van der Veen hawwe snein de haadklasse ôfdielingskeatspartij yn Wommels op harren namme skreaun. Yn de finale wie it trijetal út Ljouwert mei 5-4 en 6-2 te sterk foar Houkje Zijlstra, Annelien Broersma en Margriet Bakker fan Easterlittens.
De lytse preemje wie foar Wommels mei Anna-Brecht Bruinsma, Judy Bergsma en Anke Marije Pompstra, dy't yn de heale finale mei 5-4 en 6-6 ûnderút gongen tsjin Easterlittens.