Mear jong talint by City Jazz

01 jun 2014 - 15:58

De stifting City Jazz Ljouwert sil him ynsette foar jonge jazz-talinten, sa as Hiske Oosterwijk. Dat bart ûnder oare mei in spesjale fytstocht, op 15 juny, by fjouwer tsjerken yn en rûnom Ljouwert del. Ek wurdt in 'summerschool' hâlden foar talintfolle jonge jazz-musisy. Under lieding fan muzikant Wouter Hakhoff krije se in wike les en presintearje harsels op it festival. De audysjes dêrfoar binne op 28 juny.

De tredde edysje fan City Jazz Ljouwert wurdt hâlden op sneon 30 augustus.

Trefwurden: 
Ljouwert muzyk City Jazz
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)