Grutte kontrôle sportfiskers

Fiskersark
By in kontrôle fan sportfiskers is sneon 14 kear in proses-ferbaal opmakke. Op de earste dei fan it seizoen dienen ferskate partijen de kontrôle op it wetter en fan de wâl ôf. Se wienen yn de hiele provinsje aktyf, fan Dokkum oant De Lemmer en fan Aldeberkeap oant de Brekken en by de Lauwersmar. Mei elkoar binne 295 fiskers kontrolearre.
De boetes wienen foar lju sûnder fiskpas, it fiskjen mei libben aas, ferbean fiskark as in krúsnet en te rap farre. Ek is in fûke oantroffen en yn beslach nommen.