Skylge en Leiderdorp winne HT

De HT-race 2014 is wûn troch de manlju fan 'Het Sloepweesje' út Leiderdorp. Sy wienen nei 36 km flugger as de Trewes 2 fan Aldeboarn. It brûns gie nei de Stamgasten fan De Jouwer, dy't mei De Grutte Bear earder Frysk Kampioen waarden.
By de froulju gie it goud nei West-Arvada fan Skylge. Ek it sulver bleau op it eilân, want dat wie foar Benwyvis fan Terschelling-West. De sloep Schokland fan Tollebeek waard tredde. In moai debút wie der foar de IJsselmeerminnen út Makkum. De Fryske kampioenen waarden mei 'Pulp Fiction' achtste.