Jild nedich foar einekoaien

01 jun 2014 - 12:15

Lânskipsbehear Fryslân en tal fan oare natuerorganisaasjes binne meiinoar begûn mei it projekt 'Kongsi van de Kooi-eend', foar it behâld fan einekoaien. Dêr is noch in protte jild foar nedich. It Waadfûns hat 2,3 miljoen euro subsydzje jûn, mar dat is te min. Oait wiene der 140 einekoaien by de Waadkust del; dêr binne der noch 29 fan oer.

Einekoaien binne yn de midsieuwen al oanlein om sa einen te fangen om se op te iten. Hjoed-de-dei hearre se ta it kultureel erfgoed. Neffens Lânskipsbehear kinne einekoaien ek soargje foar mear toerisme.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)