Flat ûntromme nei brânlucht

01 jun 2014 - 11:11
Brânlucht flat Rixtwei Ljouwert - Foto: Anton Kappers

Bewenners fan in flat oan de Rixtwei yn Ljouwert moasten sneintemoarn har hûs út fanwege in sterke brânlucht. De brânwacht socht nei de oarsaak fan dy rook en ûntduts in fergetten panne op it fjoer. De panne is op it balkon set en it gebou is fentilearre. Dêrnei koenen de bewenners wer werom nei har wenning.

Trefwurden: 
Ljouwert brân
(advertinsje)
(advertinsje)