Soad nêsten ikeprosesjerûp

01 jun 2014 - 10:16

Gemeenten en provinsje moatte gau begjinne mei de bestriding fan de ikeprosesjerûp, troch ynspeksjes en it profesjoneel fuortheljen fan nêsten. Dat advys komt fan de universiteit fan Wageningen. Noait earder binne yn Fryslân yn maaie al safolle nêsten fan ikeprosesjerûpen sjoen. Ek it tal rûpen liket folle heger as oare jierren. Oarsaak is de waarme winter en de betide maitiid.

De ferwachting is dat de oerlêst fan ikeprosesjerûpen dit jier ek grutter is. De brânhierren fan de rûpen kinne jokte en hûdproblemen jaan.

Trefwurden: 
ikeprosesjerûp bestriding
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)