Lemster CVVO wint fan LTC

CVVO hat sneon goede saken dien yn de striid om promoasje nei de earste klasse troch mei 3-1 te winnen fan LTC. Yn Assen sette Dirk Jan Dorenbos CVVO yn de 10e minút mei in strafskop op foarsprong. Dyselde Dorenbos soarge tsien minuten letter foar de twadde Lemster treffer. Op slach fan rêst brocht LTC de spanning lykwols werom mei de oanslutingstreffer.
Yn de twadde helte sakke de wedstriid hielendal yn. Krekt foar it lêste fluitsinjaal wie Dirk Jan Dorenbos op 'e nij trefseker en mei syn tredde treffer soarge er foar de einstân.
Nije wike ûntfangt de ploech fan trainer Johan Wijnsma de gasten út Assen op eigen fjild.