Boek oer Frysk goud en sulver

31 maaie 2014 - 15:51

In belangryk boek oer Frysk goud en sulver wurdt moandei 2 juny presintearre. It boek bestiet út mear as tûzen siden en ôfbyldings fan sulveren en gouden objekten út it Fries Museum en oare Nederlânske musea. It Frysk goud en sulver heart ta de top fan de edelsmidkeunst. It standertwurk, útjûn troch útjouwerij Bornmeer yn gearwurking mei de Ottema-Kingmastifting, bestiet út trije dielen. De presintaasje bart op in sympoasium oer it ûnderwerp.

Yn it Fries Museum is in útstalling mei Frysk sulver mei de titel 'Zilveren herinneringen'.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)